Ôflevering 63 · Seizoen 1
De lêzing fan Omtzigt en in AI-superyntelliginsje
Oer dizze ôflevering
Sjoerd wie by in lêzing fan Pieter Omtzigt en nimt de harkers mei troch syn oantekeningen. Marc bringt technologynijs en in fraach om in wike oer nei te tinken. Mar earst moat der in by nei Swolle.
Heuvels en in by. Marc rûn yn Noarwegen de heuvels op en krige te hearren dat er him net sa oanstelle moast. Sjoerd wie tafallich yn Swolle en ûntduts dêr in restaurant mei de namme Hartje Zwolle. Dat jout in taalprobleem: as der op it terras in by delstrykt, seist dan thús dat der in by by Hartje Swolle siet? Of in by by by hartsje Swolle? Se moatte it restaurant mar ris belje.
Fiif punten. De lêzing duorre mear as in oere en Omtzigt hie fiif punten. Wichtige besluten falle yn it Katshûs, bûten de organen dy't de grûnwet dêrfoar oanwiist, sadat de Keamer net kontrolearje kin hoe't se ta stân kamen. It budzjetrjocht hat in efterdoar: in minister mei sûnder goedkarring fan it parlemint jild útjaan as it yn it ryksbelang is, en wat ryksbelang is, bepaalt de minister sels. Dat barde hieltyd faker, by korona, asyl en Oekraïne en by de toeslachaffêre. Wetten geane soms mar foar in part of hielendal net yn wurking, om't it kabinet dat sels kieze mei. Wa't om ynformaasje freget, wachtet folle langer as de wet seit, en as de rjochter de oerheid twingt, betellet dy leaver in boete, fan belestingjild. En wetten kinne net oan de grûnwet toetst wurde, wylst it heechste gerjochtshôf yn Amearika in wet ûngrûnwetlik ferklearje kin. It advys oan it publyk: stimme. Sjoerd fynt dat in nuver advys, nei in oere útlis dat de demokrasy net wurket. Dochs hopet er dat Omtzigt in partij begjint.
Nijs út Fryslân. In Fryske band ried oeren nei Brabân, mar koe dêr mar in pear nûmers spylje foardat it lûd útgie, om't de fergunning ferrûn. De Fryske yndustry stjit minder broeikasgas út, om't de enerzjy sa djoer is.
Kunstmjittich en meilêzend. Bloomberg hat in eigen taalmodel, traind op finansjele gegevens, foar ynvestearringsbeslissingen. Oan Cornell University makken se in bril dy't lippen lêst, sûnder dat der lûd by komt. En dan Clearview.ai, dat sûnder tastimming foto's fan sosjale media helle en dêr profilen fan makke foar de Amerikaanske plysje. Sjoerd sjocht de ferbining mei de lêzing: as de steat dit sels die, koe it parlemint it kontrolearje, mar in partikulier bedriuw falt dêr bûten.
Pleitsje foar de minskheid. Marc syn diskusjepunt: der komt in AI-superyntelliginsje, en Sjoerd moat as lieder fan de opposysje arguminten jaan om de minskheid te sparjen. Sjoerd komt net folle fierder as dat wy it ding sels boud hawwe. Marc hat in better ien: wy binne de gaos en de masine de oarder, en dêrom kinne wy kreatyf tinke. Sjoerd fynt it in goed argumint, mar folget ús kreativiteit net ek regels?
It lêste wurd is foar Sjoerd syn stimadvys: Pieter Omtzigt, yn haadletters.