← Werom nei ôfleverings

Ôflevering 2 · Seizoen 3

Rumspringa by de Amish en de beursgong fan Anthropic

1 novimber 2026 1u 3m
Ek op

Oer dizze ôflevering

Marc sit dizze wike yn San Francisco en Sjoerd yn de studio, mei nije mikrofoans dy't de show wer in stapke profesjoneler meitsje. It wurdt in ôflevering oer de Amish en opfieding, Frysk nijs fan it wetter en it fuotbalfjild, en in AI-race dy't sels Google jild kostet.

Wat ús bliid makke. Marc stapte foar it earst yn in Waymo, in auto sûnder sjauffeur by nacht. It stjoer draait gewoan mei, want dan fiele minsken har feiliger. Hy gong ek nei in jazzklub midden yn de Tenderloin, de wyk dêr't drugs en dakleazens it strjitbyld bepale, en seach in saksofonist dy't jazz mingde mei hiphop en elektronyske muzyk en in ferhaal hie oer Miles Davis. Sjoerd is bliid mei de nije mikrofoans, in goed ôfstelde fytstrainer en sitaten fan him yn in nijsartikel oer syn wurk. Yn de portfolio-update bychtet Sjoerd dat syn eksperimint mei daytrading yn Reddit-oandielen jild koste. Syn advys oan de lústerers: doch it net, of allinnich mei jild datst echt misse kinst.

Polityk mei Sjoerd. Sjoerd test in essay earst by Marc en de lústerers. By de Amish meie jongeren by de rumspringa de wrâld yn om dêrnei sels te kiezen oft se weromkomme. Sjoerd sjocht de moderne westerske maatskippij as in rumspringa fan in pear generaasjes, mar in rumspringa sûnder fundamint om nei werom te sjen. Hy pleitet foar bern opfiede mei dúdlike kaders oant in bepaalde leeftyd, sadat se letter as folwoeksene in frije en goed ynformearre kar meitsje kinne. Marc fertelt oer syn eigen opfieding op in buorkerij, mei rêst, reinens en regelmaat, en wiist derop dat de doop by de Amish it echte kearpunt is. Harren konklúzje: hâld fan dyn bern, ek as se in hiel oare kar meitsje as dysels.

Frysk nijs. In iepenloftspul yn Burgum oer stakende mynwurkers en in groep aktivisten út Londen wûn in publykspriis. It skaatsseizoen is begûn, en Sjoerd neamt in fideo fan Erben Wennemars ien fan de bêste ea. Op tuj.frl stiet in nije ferzje fan it spultsje, mei lústerers boppe oan de ranglist, ien fan harren ûnder de namme fan de hûn fan Sjoerd syn âlders. Fierder krigen plezierfarders in bon op it Prinses Margrietkanaal omdat se sûnder goedkarde radar troch de mist fearen, waard der beskimmele bôle by in dierewei dumpt en giet it goed mei Heerenveen, by de manlju en yn de beker.

Technology mei Marc. Apple komt mei MacBooks mei in oanraakskerm, en Marc sjocht de fingerprinten al sitten. Anthropic makket him klear foar de beurs, en Sjoerd leit graach út wêrom't de koade ANT sa grappich is. Google makket foar it earst ferlies troch grutte ynvestearrings yn AI, mar brocht wol in model út dat in wrâld bout dêr'tst trochhinne rinne kinst. Ta beslút: AI-agents dy't foar dy keapje, Marc liet sels de nije mikrofoans troch in agent bestelle, en wat dat betsjut foar advertinsjes.

Ofslute wurdt der mei moppen oer Amerikaanske obers en in waskbear, al rekket de punchline wat yn 'e war.

Rumspringa by de Amish en de beursgong fan Anthropic
Iepenje ôflevering
0:00
0:00

Dyn koer

Subtotaal

Ynklusyf btw. Ferstjoerkosten sjochst by it ôfrekkenjen.

Ôfrekkenje

Leaver yn it Nederlânsk? Liever in het Nederlands?

Nederlands