Oer ús

Twa Ûnnoazele Jonges is de bêste podcast yn it Frysk — eins de bêste podcast yn de wrâld, mar omtrint nimmen kin 'm ferstean. Elke snein in nije ôflevering: in Frysk petear oer polityk, technology, filosofy en it deistich libben. En fansels de bêste moppen.

Fêste ûnderdielen: wat ús bliid makke dizze wike, polityk mei Sjoerd, Frysk nijs, technology mei Marc — en in protte ûnsin dêr tuskentroch.

  • Sjoerd Bekius

    Sjoerd nimt de polityk en de filosofyske teoryen foar syn rekken. Hy hâldt fan in stevich petear, in nuansearre miening en — sa no en dan — in ferskriklik minne mop.

  • Marc Tuinier

    Marc praat oer technology en alles wat blinkt. Hy is de oprjochter fan Nuwa Pen — de tûke pinne dy't sjocht watst skriuwst — en dêrfoar fan Pen Tips.

Kontakt

Fragen, tips of gewoan wat kwyt? Mail nei jongens@tuj.frl of kom by ús WhatsApp-community.