Ôflevering 112 · Seizoen 1
Identiteitspolityk en de sin fan foarútgang
Oer dizze ôflevering
Sjoerd hat in nij essay klear en lêst it hjir foar it earst foar. Dat set de toan foar in ôflevering dy't fan de relaasje tusken twa minsken nei de hiele maatskippij giet, en fan in robot yn 'e mage nei de fraach wêr't al dy technology ús eins hinne bringt.
In wike mei mear dagen. Marc is dwaande om syn Pokémonkaarten yn te scannen foar syn kolleksje. Sjoerd hat in idee foar al dy minsken dy't klage dat se tiid tekoart komme: meitsje de wike gewoan langer. Wa't dan likefolle dagen wurket as no, hat de rest frij, en de nije dagen hawwe allinnich noch nammen nedich. Marc wit it al: mear woansdagen, want dy hakje de wike sa moai trochmidden. Sjoerd fytste dizze wike hurder as ea, mei tank oan wat dekstro ûnderweis.
Fan partner nei maatskippij. Dan it essay. Wa't himsels net akseptearret, siket it gelok faak by in partner en freget dy om te feroarjen. Dat is nea genôch, want it probleem leit net by de oar, en op it lêst giet de relaasje stikken. Sjoerd leit deselde dynamyk op identiteitspolityk. Dat elkenien feilich oer strjitte moat kinne, stiet foar him fêst. Mar as in lytse, aktivistyske groep by de maatskippij siket wat se by harsels net fine, komt der hieltyd in nije regel by, sûnder doel dêr't ea by sein wurde kin: no is it klear. Wa't de publike romte brûkt om ferskillen te beklamjen, hoecht him net ôf te freegjen wêr't de polarisaasje weikomt.
It nijs út Fryslân. Krekt doe't Sjoerd dat stik ree hie, seach er by Omrop Fryslân dat de foarsitter fan COC Fryslân him soargen makket om't de akseptaasje fan LHBTI'ers by de nije generaasje efterút giet. Hy tinkt werom oan de tiid rûn de iuwwiksel, doe't elkenien gewoan normaal mei-inoar omgie. Wat wie der doe eins oars? Gjin smartphone en folle minder identiteitspolityk. Marc hat in praktyske oplossing: belje him gewoan op.
In ynslikbere robot. Marc hat in bedriuw fûn dat in robot makke hat dy't jo trochslikke kinne. Sjoerd tinkt dat in protte wurk automatisearre wurdt, ek it kreative wurk dat sa feilich like, no't plaatsjes, filmkes en muzyk troch AI makke wurde. Wat dogge minsken dan de hiele dei? Marc tinkt dat it generaasjes duorret foar't wy dêroan wend binne.
De sin fan foarútgang. Elk bern in tablet yn 'e klasse hiet foarútgang, wylst it neat opsmiet en der no telefoans út de klasse wei moatte. Marc wie lang sels in oertsjûge foarútgangsdûnser, oant er foar syn master lies hoe't in lânseigen folk sei dat nije technyk har kultuer kapot makke hie. No besiket er technology te bouwen dy't it essinsjele fan de minske behâldt. Technology is gjin natuerwet, seit Sjoerd.
Se slute ôf mei moppen. Neffens Sjoerd wie it de bêste ôflevering dy't se ea makke hawwe.