Ôflevering 42 · Seizoen 2
Health at every size en de robotaksy
Oer dizze ôflevering
Sjoerd hat de kinkhoast, mar dat hâldt him net tsjin. Dizze wike in eksposysje oer it koloniale ferline, in skerpe fraach oer sûnens en gewicht, en in AI-model dat it wurk fan Marc oernimt. In ôflevering dy't hieltyd wer útkomt by de fraach wat no eins de sin fan it libben is.
Wat ús bliid makke. Marc stiet mei syn portfolio wer yn de plus, Sjoerd stiet noch yn de min. Gjin ynvestearringsadvys, fansels. Sjoerd is bliid mei in fytstrainer foar de reinige dagen. Marc wie yn Amsterdam en gie nei it Eye, dêr't in keunstner nij wurk makke hat út âlde koloniale films. Dat set in diskusje yn gong: binne de omstannichheden foar arbeiders better wurden omdat wy minsken better behannelje, of allinnich omdat de technyk better is? Marc fûn it yndrukwekkend, mar seach ek wat hypokrisy by de muorre dêr't besikers harren gedachten op skriuwe koene, troch minsken yn spotgoedkeape klean. Fierder de film Train Dreams, oer it gewoane libben fan in houthakker. Hy makket fan alles mei, mar lit neat efter. Hie it dan wol sin?
Polityk mei Sjoerd. Sjoerd nimt 'health at every size' ûnder hannen, it idee dat je by elk postuer sûn wêze kinne. Hy fynt it te maklik. Syn ferliking: as in freon ferslave is, seist ek net dat it goed by him past. Mei taalspultsjes ferdwynt it probleem net. Je binne net sels de skiedsrjochter fan wat sûn is, dat docht de natuer. Dat jildt ek foar bodybuilders dy't harren gewrichten slope. Underweis makket Marc in sydsprong nei in reep sûkelade mei karamel en seesâlt, en Sjoerd betinkt fuortendaliks in nije slogan foar de podkast: sûnder slavernij.
Frysk nijs. Der stiet in non-stop suptocht oer de Alvestêdenrûte op it programma, en de mannen freegje har ôf oft je dat yn ien kear dogge of yn etappes. Yn Grins betelje de minsken no per kilo ôffal. Marc dreamt al jierren fan in manier om ôffal te ferbaarnen dy't de natuer goed docht, in idee dat er oerhâlden hat oan SimCity. Sjoerd herinnert him deroan dat er earst noch in pen bouwt.
Technology mei Marc. Tesla is begûn mei robotaksy's sûnder sjauffeur yn Austin. Marc kin net wachtsje, want autoride jout him stress. Sjoerd sjocht in risiko: wa't gjin eigen auto mear hat, hat ek gjin kontrôle mear oer wêr't er hinne kin. Mar it grutte ferhaal is it nije AI-model. Marc liet it syn hiele tarieding dwaan, út syn eigen notysjes, en it resultaat wie better as wat er sels makke hie. Neffens Sjoerd sit er no gewoan nei in AI te harkjen. Foar Marc is it in nij tiidrek: de fraach is net mear hoe goed sa'n model skoart, mar oft it dyn wurk dwaan kin. Ferskriklik en ûnfoarstelber tagelyk.
Se slute ôf mei moppen oer AI en in pleidooi fan Sjoerd foar rucking, rinne mei in swiere rêchsek. Twa folwoeksen manlju, en dochs.