Ôflevering 28 · Seizoen 2
Agintyske AI en de Dútske tsjinstplicht
Oer dizze ôflevering
Marc nimt dizze kear op út in hotelkeamer yn Amearika, dêr't de fentilaasje him klinke lit as siet er yn in koekblik. Sjoerd sit gewoan thús. In ôflevering oer de AI-bubbel fan Sân Fransisko, jongeren dy't miskien it leger om tastimming freegje moatte en in kemper dy't op it ferkearde plak stilstiet.
Wat ús bliid makke. Sjoerd hat in bikepackingfyts kocht en dêr fuortendaliks in lange tocht op makke, mei tsjinwyn midden yn in Drints fjild. Marc fertelt hoe't er yn Sân Fransisko telâne kaam. Wat him bliid makket is de bubbel dêr: elkenien hat it oer agintyske AI. Hy leit út wat in agint is, in systeem dat sels in taak útfiert. Dan it antwurd op de fraach fan ferline wike: hoe neamst ien út Mongoalje? Marc docht út 'e doeken dat de dokter dy't it syndroom fan Down beskreau minsken mei dat syndroom fergelike mei Mongoalen, en dat it wurd 'mongoal' dêr weikomt. Hiel rasistysk, en goed om even by stil te stean. Fierder rint Marc tsjintwurdich alle dagen, en Sjoerd seach in film oer de jonge Donald Trump en syn advokaat Roy Cohn.
Polityk mei Sjoerd. Yn Dútslân moatte jonge manlju dy't lang nei it bûtenlân wolle tastimming freegje oan it leger. Sjoerd sjocht ek yn Nederlân in beweging nei mear ferplichting, en yn Dútslân geane jongeren de strjitte op. Hy freget Marc hoe't Amearika it belibbet dat it lân yn oarloch is. Yn 'e bubbel fernimt Marc dêr neat fan. Yn Nederlân hearst it argumint dat je net fjochtsje wolle foar in lân dêr't je de hier net betelje kinne, en Sjoerd sjocht dat rjochts en de pasifisten deselde arguminten brûke. Marc tinkt dat ús generaasje gjin oarloch meimakke hat en de warskôgingstekens dêrom licht opnimt.
Frysk nijs. By it pankoekskip yn Grins rôle in Dútske kemper sûnder sjauffeur efterút de kade ôf, mei de bumper tsjin de reling fan it skip. De meiwurkers namen it lûchtich op: Dútsers hâlde fan pankoeken, mar parkearje asjebleaft wat fierderop. Marc hat in minder moai berjocht oer in yllegale slachterij yn Fryslân dy't troch de NVWA oprôle is. En in rekôrtal learlingen docht dit jier eineksamen Frysk, wat Sjoerd in moai momint fynt om de bachelor Frysk yn Grins oan te prizen.
Technology mei Marc. In stik yn de New Yorker oer Sam Altman, dat him ôfskilderet as in misliedend figuer. By Meta krigen ûntwikkelers in beleanning foar in soad tokens, oant bliken die hoe djoer dat wie. In nij AI-model fan de makkers fan Claude fûn âlde befeiligingslekken en wurdt foarearst net útbrocht. Sjoerd docht in wylde foarsizzing oer humanoide robots, en yn Wuhan foelen in hiele rige robotaksy's tagelyk stil midden op 'e dyk.
Se slute ôf mei in mop, in stikker dy't te keap is en in groet oan alle memmen. Moai sa.