Ôflevering 23 · Seizoen 2
It AI-debat en Frysk op skoalle
Oer dizze ôflevering
Marc iepenet mei in trúk om AI-stimkloanen yn 'e war te bringen: hy seit dat er Sjoerd is, of miskien dochs Marc. Dat set de toan, want dizze wike giet it benammen oer keunstmjittige yntelliginsje, mei Sjoerd as de konservative en Marc as de progressive. En oan 'e ein komme der ek noch dinosaurussen by.
Wat ús bliid makke. Sjoerd socht yn vintagewinkels nei nije klean, en fytste dêrnei troch in flinke bui, krekt doe't it drûch wêze soe. Marc hat oeren stutsen yn in stêdbouspultsje yn 'e Romeinske tiid. Hy makke in moeras drûch om mear huzen te bouwen en gie fallyt. Mei in âlde savegame begûn er opnij, no mei de les dat er net mear útjout as dat der binnenkomt. Sjoerd tipt in spannende searje op Netflix, en Marc seach de anime-film Princess Mononoke.
Polityk mei Sjoerd. Mei-inoar wolle se in rûte útsette dêr't de wrâld net by nei de knoppen giet. Sjoerd is benaud dat studinten dy't alles troch AI dwaan litte, net mear kontrolearje kinne oft it goed is. Marc fynt dat de lat dan omheech moat, mei lessen dêr't learlingen sûnder kompjûter skriuwe leare. By de banen wiist Marc op eardere revolúsjes dy't krekt mear wurk opleveren en op de fergrizing, dêr't robots by helpe kinne. Dat elkenien dy't ûntslein wurdt ûndernimmer wurdt, fynt Sjoerd lykwols naïef. By de datasintra giet it oer in datasintrum yn de Eemshaven dat foarrang krije kin boppe in hiele stêd. Sjoerd foarsjocht ûnrêst, Marc hopet op in wrâldwiid akkoart. As lêste punt komme algoritmen dy't foar elkenien in eigen wrâld bouwe. Marc jout earlik ta dat er net goed taret wie.
Frysk nijs. Hearrenfean moast yn 'e beker tsjin PSV, en dêr wie in dúdlik klasseferskil. Marc hat alfêst frege wat in reklamebord yn it stadion kostet. It grutte nijs: Provinsjale Steaten hawwe unanym besletten dat alle bern dy't yn Fryslân op skoalle sitte Frysk leare moatte. Marc stelt fuortendaliks foar om de podcast yn it kurrikulum op te nimmen, want it is nei eigen sizzen de bêste Fryske podcast.
Technology mei Marc. De waskrobot is noch absurd djoer, mar Marc ferwachtet dat er goedkeaper wurdt. Fierder in spray dy't bloedingen op it slachfjild yn in amerij stopje kin, en it ferhaal fan Peter Steinberger, dy't no nei OpenAI giet. Meta hat in patint oanfrege op AI dy't dyn sosjale media trochpostet as do der net mear bist. En yn 'e Sahara binne fossilen fûn fan in dinosaurus sa grut as in skoalbus.
Der is in lokwinsk foar harker Tijs en in oprop om stikers te keapjen, sadat dat reklamebord der dochs komt. Takom wike komt Marc mei it positive ferhaal oer AI.