Ôflevering 4 · Seizoen 2
It Europeeske leger en de wei nei AGI
Oer dizze ôflevering
Nei in pear wiken stilte sitte Marc en Sjoerd wer efter de mikrofoans. Marc wie yn Noarwegen, Sjoerd lei siik op bêd. In ôflevering dy't by de hurdrinskoenen begjint en einiget by in kompjûter dy't dyn ôfspraken foar dy fersettet.
Wat ús bliid makke. Marc traint foar in maraton en hat dizze wike de langste ein oait rûn. Nei de foarige lange ein foel er wurch yn sliep mei de kat boppe op him. Sjoerd rekke op syn fyts mei brede bannen ferdwaald yn Drinte, dêr't neffens him gjin asfalt is. It België fan Nederlân, neamt er it. Fierder struint er troch de twaddehâns ôfdieling fan in platewinkel, dêr't er foar in pear euro wer wat moais fynt. Dan de racefilm mei Brad Pitt. Marc soe him net oanriede: mei sa'n budzjet hie der folle mear yn sitten. Hy set der in lytsere film tsjinoer dy't mei in fraksje fan it jild op alle fronten better is.
Polityk mei Sjoerd. Jild wurdt gewoan liend, seit Sjoerd, de rekken komt letter wol. Mar wêr komme de minsken wei? Der wurde amper bern berne, en fan in definsjesalaris kinst hast gjin hûs keapje, al hielendal net by in kazerne by Amsterdam. Marc syn oplossing: humanoïde robots. Nij materiaal duorret jierren, de winsten fan de Europeeske wapenyndustry geane nei Amerikaanske ynvestearders en de kennis is fuortbesunige. Om't Ruslân kearnwapens hat, kin sa'n leger neffens Sjoerd yn it bêste gefal ôfskrikke. Hy sjocht in patroan fan krisis nei krisis, wylst it jild net nei hûzen en gesinnen giet. Mei as ein, sa freest er, âlderen yn 'e soarch mei in robot oan it bêd.
Frysk nijs. Hearrenfean wie de hiele wedstriid de bettere ploech, mar makke it net ôf. De FNP wol meidwaan oan de lanlike ferkiezings, mar Sjoerd soe leaver sjen dat de regionale partijen út it noarden de hannen ineinslaan. De gemeente Tytsjerksteradiel stekt in soad jild yn in sânpark, en Marc hat wol in pear suggestjes foar in earliker namme. En Sjoerd fynt it ferstannich om lytse kearnreaktors troch it hiele lân del te setten, foar mear ûnôfhinklikens op it mêd fan enerzjy.
Technology mei Marc. ChatGPT hat ûnfoarstelber folle brûkers yn 'e wike, en in Amerikaanske steat jout mear romte foar eksperimintele behannelingen. Op papier in frije kar, seit Sjoerd, mar net as dyn partner siik is. Dan AGI. No docht in systeem allinnich wat do freegest, dêrnei nimme agents sels taken oer, en úteinlik ferdwynt de ynterface. Bist siik? Dan ferset it dyn ôfspraken en bestelt it gember en sitroen. Sjoerd freget him ôf wa't de metrics bepaalt, en oft wy sels net minder kinne as wy alles útbesteegje. Marc is optimistysker: syn sporthorloazje hat him leard better te sliepen.
Se slute ôf mei moppen, wêrûnder ien oer in boemerang dy't net fuort wol. En in fersyk: fertel it de buorlju, want efter de skermen wurdt hurd wurke.