Ôflevering 95 · Seizoen 1
It minderheidskabinet en in chipfabryk foar AI
Oer dizze ôflevering
Profesjonalisearring is it wurd fan it jier, seit Sjoerd, en foar Marc betsjut dat ûnder oare dat de boadskippen op sneontemoarn betiid al yn hûs binne. Dizze wike in kabinet dat der mar net komt, granaten dy't op reitsje en in plan foar in chipfabryk dêr't Sjoerd mei hieltyd hegere gissingen net by komt.
In kabinet sûnder mearderheid. De formaasje is fêstrûn no't Pieter Omtzigt opstien is, mar hy hat wol in idee efterlitten: in minderheidskabinet. Sjoerd sjocht dêr wol wat yn. No stekke Keamerleden as ja-knikkers har hân op as de partij dat wol. Mei in minderheidskabinet wurdt it parlemint wer sterker as it kabinet. Marc is foarsichtiger: der binne safolle útinoar rinnende mieningen dat it dreech wurde kin om noch wat troch de Keamer te krijen.
Granaten en de NAVO. Oekraïne sjit mear granaten ôf as Europa leverje kin. De Europeeske lannen hawwe jierren op definsje besunige, en it opskroeven fan de produksje nimt jierren. Nederlân kin neffens Sjoerd allinnich noch in tank út in museum helje, of mei syn allen beammen kappe op de Feluwe en houten spearen nei it front stjoere. Ûnderwilens seit Trump dat er NAVO-lannen dy't te min oan definsje útjouwe net helpe sil as Ruslân binnenfalt.
Nijs út Fryslân. Hearrenfean hat wûn fan Ajax, mei in omstriden momint yn de lêste minút: wie dy bal no oer de line of net? Marc betinkt fuort dat se Hearrenfean keapje moatte, om it hiele Nederlânske fuotbal op in heger plan te bringen. Fierder stiet der op Spotify no in Fryske meditaasjepodkast, ynsprutsen troch in frou út Ljouwert.
Bril, chip en stim. Apple hat in nije bril útbrocht, mar Marc sjocht al fierder: in chip yn it brein, dêr't je allinnich mar oan in film hoege te tinken om him te sjen. Foar minsken dy't ferlamme binne sjocht er it nut, mar in chip dy't net út kin, dêr hat er muoite mei. Yn New Hampshire krigen ynwenners telefoan fan in neimakke stim fan presidint Biden, dy't harren fertelde dat se better net stimme koene. En in ûndernimmer wol jild ophelje by ynvestearders foar eigen chipfabriken foar AI. Sjoerd rint mei syn gissingen nei it bedrach hieltyd te leech.
Ferljochting en romantyk. Sjoerd hat in tsjok boek útlêzen en set it út. Earst de Europeeske tradysje, mei in objektyf goed en it ferstân dat de begearte yn 'e tûgel hâldt. Dan de ferljochting, dy't de wittenskip op de troan set en de begearte liede lit. En de romantyk, dy't it wiere sels binnen yn de minske siket. Syn oprop: freegje net allinnich om mear jild foar geastlike sûnens, mar wêrom't safolle minsken sa ûngelokkich wurden binne.
Ta beslút in mop fan in harker oer in stik tsiis om de hoeke, dy't Sjoerd mei in heuse filosofyske ferdigening rêdt.